Myn moaiste rigels - Philippus Breuker
- En dy it hege en sljochte skiede kinne (S18)
- Us dream en sin! Hoe wie it ien, myn boarter, (S23)
- Dat blier besit, dat om gjin delgong tocht (S39)
- Wat moanne of tiid? Mar al it bliere
Fan jierre-omgong kaam hjir gear (S63)
- [...] en troch myn tinken rint in stream,
Fan nuver spul, blier yn it sêfte ljocht (S71)
- Fier haw ik myn dreamen weide
En de himmel iepen sjoen. (S87)
- O, dy stêden as hja rize
Ut 'e lege ierde wei! (S94)
- - O, as oer de bleke finne
Ier de lange skaden rinne (S94)
- De leafde ta, dy't sinne en ierde omfet. (S113)
- - O, hoe fier fan it libben, it sterke,
Hat, dichter, dyn wei dy laat, (S114)
- Iere maitiids jong ferheugen
Trillet yn 'e ljochte dei (S121)
- 't Wellet op út djippe saden,
Wûnd're krêften driuwe sa. (S124)
- As woechsen wie ta foarse krêft
Wat jonkheids lea trochtrille - (S128)
- In stoet sa frjemd as ea dit miedlân hie! (S130)
- Koart wie de dûns yn 't simmerlân, (S131)
- Gjin erfdiel as it libben heart er ta ! (S146)
- 'k Bin oars as tsjinner net fan frjemde krêft (S343)
- In langst en in freze yn 'e siele woechs, (S346)
- Hja binn' net bûn
Oan foarmen fan ien dei; [...] (S161)
- Wat sa it oare wêzen naam
Kin net syn wegen gean, (S353)
- De hjerstejûn stiet oer it ienlik fjild; (S163)
- Ljocht jout it op út sleat en fuorgelin' (S163)
- Want hy moast sjen, wat ea myn freugde wie. (S177)
- Sa gean w' ús ljochte paad. Wa jout, wa nimt? (S177)
- 't Koe wêze dat hja spriek wat better wie ferswijd. (S181)
- En al wat hjir troch bloei en stjerren gong, (S182)
- Elts finster hat syn eigen skyn,
En 't libben bringt syn tûzenstaltich hear. (S354)
- O jûn! O tinzen' licht gedjoei! (S185)
- O fiere faar en moer, doe't - hân by hân
Oer terpe-delgong nei it bloeiend lân -
De lije wyn it wêzen stil berûn (S186)
- It kreatuer fan eigen gloed fertard. (S191)
- In klompke libben dat wringt en rikt
Yn begearens twang ferlern. (S200)
- O âlde sneinen dy't yn it rûzjen opkomme, (S206)
- Dy't net lokkich wêze wol sit no yn 'e tsjernherne
En lústert nei it klappen fan de fjurhoksdoarren (S206)
- Hja spylje jeugd en krêft; in dûns,
In flecht, as wyn en see
As himmelstjert'. [...] (S367)
- O jonge krêft, o fêste libbensdrift.
O frjemde seeën' floed! (S212)
- Wat bloeibegjin wint stal yn 't wachtsjend tún? (S215)
- [...] nei strieljen skien en heech
Wêrfan in ôfglâns bliuwt, hoe djip it byld fersinkt? (S215)
- 't Wie juster; effen kriemd hat sûnt
De himmelas. [...] (S217)
- Net opmakke as in byld, mar sa't de siele it oanbringt. (S222)
- It stoar ús ôf en hat syn treaster net. (S229)
- En fynt, en wol gjin rêst oant tiidsein komt. (S230)
- Sa mar in feint yn 't grutte stik betrutsen. (S241)
- - En yn al libbens bloei is net it godlik wêzen? (S242)
- Ik sis net: heger as de piramidebou,
En duorjender as koper sis ik net. (S254)
- De sinne hâldt syn ljochte himmelgong
En minske' hert syn wûnderlik begear. (S254)
- En siele hat - o dream yn simmerlân -
Yn ierdsk begean fan it tideleaze wûn. (S254)
- Sterke, sjochsto hoe't ik yn dyn wêzen
My belibje, en dyn paden gean? (S255)
- Mar wat west hat is wat oars as wat net west hat. (S265)
- Kin it wêze dat it keamersfinster seit:
"Ik sjoch de greide; ik bin de greide. [...]." (S268)
- De wein rattelt oer de reed de efterútse lânen yn;
Fierder, al fierder! Wat bochtet dy wei! Sille hja in libbenstiid troch ride? (S300)
Publisearre 10 july 2007
Werom nei haadside
|