Logo

Myn moaiste rigels - Jan Gulmans

  1. O nommel bruorrepear! elts' mûle moat ferstomje,
    Mar do silst libje, al is lang 't bien fermôde (S18)

  2. En gjin mem fersoarge har berntsje sa trou
    As beppe, goeminske, har sprútsje*. (S19)

  3. En in stille weemoed komt myn herte binnen,
    As 'k tink oan dy, te ier fan 't ierdske skaat! (S23)

  4. De weagen komme en batskje tsjin it haad,
    De skippen geane stil har gledde paad. (S24)

  5. No't de apelbeam blomket yn heechste pracht
    En de fûgels sjonge by dei en by nacht,
    Wa soe dat ferneare kinne? (S26)

  6. Hoe strielet dyn antlit, hoe slacht dy it hert,
    As soe it fan leafde ferbliede! (S28)

  7. 't Is djirheintiid. Troch 't bûthús rattelt lûd it kret,
    In sturttou giselt en mei amers slacht de faam. (S31)

  8. Hoe lûkste ús oan, hoe hâldste ús fêst,
    O ljocht fan see en sinne*! (S36)

  9. O simmers-ein, neijiers sêft-droev'ge tiid. (S37)

  10. De wjerskyn bliuwt, hoe djip de tiid fersinkt. (S43)

  11. O leaf fermaak! Dat wrot en boddet deis (S53)

  12. O, stille snein, o dei fan dicht en dream!
    O, gouden lok, te rêd ferrûn*! (S55)

  13. O feinten, o freonen, it libben is koart
    En faai binn'de flechtige oeren! (S60)

  14. En fan fierwei in stille freugde
    Giet oan it drôgjend each foarby. (S63)

  15. Alles betsjoent hja,
    dy moaie, leave. (S67)

  16. Fan't deiske stribjen kinn'gjin fâlden bliuwe,
    Hja wurde wei as tearkes fan in stream. (S68)

  17. It ljocht it moaist op ierd'? It is it libben sels,
    De krêft dy't alles driuwt! (S74)

  18. Wêr is de noft oan 't lytse minskbestean,
    Oan blom en krûd? Moarn is't fan de ierde slein! (S81)

  19. 'k Sil út dizze kriten kliuwe
    Dan allinne as byld noch bliuwe
    En 't heelal ta wente ha*. (S84)

  20. -Hasto 't lân fan jonge langstme
    't Hege lok op ierde fûn? (S87)

  21. Mar yn 't hert bliuwt fan har skynsel
    Glim fan swiete mimer nei. (S95)

  22. It hat syn ein as 't iv'ge einje soe! (S113)

  23. Oan grêftswâl yn foarse gerzen
    Libbet groeikrêfts iv'ge stream; (S121)

  24. Ik seach de tiden gean,
    En fielde my, fêst oan'e grûn,
    As ieuwen oer hjir stean. (S127)

  25. Myn freonen, dy't de dea bestie-
    nen, grut troch swierste tocht, (S131)

  26. Wy meitsje beide ús plak noch wol skjin,
    Hawar dan, de beage leit ree! (S149)

  27. Hast stjert it wei. Kom, lit ús gean:
    It waarme hûs bidet syn bern. (S151)

  28. En as de frou er net is dy't it libben tôge,
    Sa is er de mem, dy't it jimmer jaan sil,
    Siele, dy't slachten omfettet. (S167)

  29. En doe't ús hannen de klaver skearden,
    Troch ús fingers de kerlen rûnen, (S170)

  30. As 'k ienkear skiede moat -- in ljochte dei
    Yn maaietiid wie my it lichtst -- (S181)

  31. Dwylwegen nolk! O wyld bestean!
    O frjemde tochten'djippe saad! (S185)

  32. En ta it witten fan'e siele kaam
    Wat ea it weevjen fan'e raaien droech. (S187)

  33. In klompke libben dat wringt en rikt
    Yn begearens twang ferlern*. (S200)

  34. Ik bin in âldeftich hearke,
    Dat stapt troch it jonge park; (S197)

  35. En effen sjoch ik op; it each ferbynt,
    Mar it betinken mear. (S215)

  36. O lok, noch ljochtste wei te gean
    En ierde'goede skien te sjen! (S219)

  37. Ferstoarne geslachten'wêzens skyn
    Stiet bûten tiid en stee. (S223)

  38. Mar as de klok begjint te lieden -- sa riist it foar my op --
    Soe der dochs net wat trilje kinne yn dy oare stompen en
    spitskes, sa't hja fier yn it rûn my kundich wienen*? (S232)

  39. Ik set my iepen foar jimm'eagen del,
    Sa mar in feint yn't grutte stik betrutsen. (S241)

  40. As wy fuortgean -- oer bliuwt libben en ljocht,
    Oant fersinke himmel en ierde.
    Dan mei'de Uneindige riede. (S247)

  41. En de jonge dichter, yn wa de hertstocht fan Gysbert libbet,
    sil wer de plompen mei de fûsten oprôle sjen as de Ivige de
    wjittering skjinnet. (S285)

  42. Wy drage it mei yn ús ûnthâld
    In libben barrens stik,
    Mar fêster wierheit hat it wûn
    Yn ivichheids beskik. (S311)

  43. Om te sjongen net, om te skriemen net;
    Mar om stil yn it ynderlikst op te gean
    As in skimke fan ivichheid. (S329)

  44. 'k Bin oars as tsjinner net fan frjemde krêft,
    Dy't yn my waachst nei't bliere deiljocht ta. (S343)

  45. Mei tûzen triedden hâldt my fêst
    Wat om my weeft en tilt (S349)

  46. - Dan triuw'hja stil de liereman
    Har gave yn'e hân,
    En sjugg'him faaks noch effen nei
    As er strampelt troch 't lân. (S357)

  47. O groede-suster, ierde-mem, god-ljocht, (S373)

  48. En om my hinne lei de ierde, ryk;
    Dêr hie'k myn stee as einierd bouwersman. (S393)

  49. As weagen komt it op my oan
    En nimt myn sinnen mei,
    It tilt my op, ik jou my oer, (S403)

  50. En as ik jo net betankje
    Just yn'e slippe,
    Tink dat ik it probearje
    Mei myn graniten lippe*. (S438)

Publisearre 13 jannewaris 2007


Werom nei haadside