Logo

Myn moaiste rigels - Geart van der Meer

  1. Har earizer blinkt yn de sinne fier (S11)

  2. De loft is ek sa moai en klear
    En de wyn waait śt it easten. (S13)

  3. Dźr stiet hja no stil yn 'e moaie dei
    En sjocht oer it fjild om har hinne,
    En laket ris tsjin 'e lytse bern,
    Dy't troch 'e buorren rinne. (S17)

  4. En lokkich hy dy't, wurch fan 't sjen, bewarre
    It sieleprint fan moai yn jonkheid garre! (S22)

  5. Yn bernetiid is alle libben wille (S23)

  6. De kowewazem lūkt troch d'iepen doar omheech. (S31)

  7. En fan 't miedlān kaam as pypkeniel
    De rook fan it hea oanwaaien. (S34)

  8. En dy't oan 't Frysk syn tinzen tabetrout,
    Dy hoecht gjin rom of eare te ferlangen. (S40)

  9. De wjerskyn bliuwt, hoe djip de tiid fersinkt. - (S43)

  10. Fan leechste sinnen komt de djipste fieling (S47)

  11. Mar feint of man, dat is swierder stik,
    Dat litte de measten sitte. (S60)

  12. En troch it lytse finster dūnset
    Yn 't stof in lichte sinnestriel. (S63)

  13. Dit is it suverst lok: de tinzen gean te litten
    Ut farkjen sūnder hāld. (S73)

  14. - Want kleie oer 't ferlerne is fan lok 't begjin. - (S81)

  15. Ljochte ierde wie myn leafde
    Mei har hertslach gong myn hert. (S87)

  16. O poezije' siel en djipste boarn':
    It doe yn 't hjoed wer wūn; ta skiente brocht
    Wat net as libben wie! Wa klaget dan
    Om wat fergong? It stiet yn heger ljocht! (S135)

  17. De froastwyn strykt oer 't reid,
    En oars gjin lūd as eigen flugge skek. (S151)

  18. In klompke libben dat wringt en rikt
    Yn begearens twang ferlern. (S200)

  19. De faam is by buormans faam om de feint wat te pleagjen (S206)

  20. Ik freesde noch foar in polysjeman, mar hy liet my yn wźzen. (S216)

  21. 'Myn P....' hearde ik him doe sizzen, en dy wurden haw ik bewarre. (S222)

  22. Net opmakke as in byld, mar sa't de siele it oanbringt. (S222)

  23. De siele giet syn wegen, wūnd're tocht
    Troch it wide gea.
    En fynt, en wol gjin rźst oant tiidsein komt. (S230)

  24. En as er wer stil is, en Koarnwert slacht de holle net sa mear,
    Dan sil er sizze: by my is er weikomd en by my komt er wer. (S232)

  25. Wat bin ik mear as d'ierde dźr 'k fan kaam? (S241)

  26. Ommers, jimm' witte, it is mei it Frysk wat oars as mei in echte taal; (S250)

  27. En al praat ik der sa net oer, ik haw dochs ek de groeden,
    dy't spyt der yn dreaun hat. (S250)

  28. Ik bin wol āld mar net earwurdich. (S252)

  29. En ik tink Eckermann soe besauwe, as him sok spul fan my
    ūnder de eagen kaam. (S252)

  30. Mar as it libben op jin takomt en de ālderdom hat frijmakke? (S252)

  31. De sinne hāldt syn ljochte himmelgong,
    En minske' hert syn wūnderlik begear. (S254)

  32. En siele hat - o dream yn simmerlān -
    Yn ierdsk begean fan it tideleaze wūn. (S254)

  33. It is in minske, iepener op dichters baan
    As wenst wol ha woe, fij fan skuttend byld;
    Hy jout him oer oan dy't ta 't libben giet,
    In feint, in bern, en sūnder pols of skyld. (S 254)

  34. Mar sa'n fers wol nei de minsken ta,
    ...
    En effen in glim jaan yn donker keamerromt' (S259)

  35. No stean 'k as heiden slein oan tsjerkeweach. (S 260)

  36. Sa mei it wźze dat in selde liet
    Sjongt God en leafde, heitelān, natoer. (S260)

  37. En dan wer de man op syn stoel, dy't mei it tou de hikke foar my iepen lūkt. (S267)

  38. En mear ferskynt: 'k sjoch heit' en memme tiid,
    Har freugden byldzjend tsjin 'e kleare loft;
    Fier būten hjoed en syn benearjend stik,
    Ut wan-kālt wei en roppers lūd geroft. (S277)

  39. .. Mar by in pōle gers kamen de triennen my yn de eagen (S282)

  40. Foarśt? Omheech? Hjir is de heechste bloei,
    In goddelike glim yn 't al-ferfoljend hjoed. (S 317)

  41. In paad yn 'e finne, dźr't oan wjerskanten de klaver opbollet -
    Kinsto it litte der in hānfol ōf te skuorren? - (S323)

  42. En de lepen soenen my śtlaitsje as ik it leechlān ynkaam om nei har aaien te sykjen. (S374)

  43. Nee, ik bin net botte earnstich; mar wat in licht āld mantsje.
    Mar in earnstich āld man, dat is ommers as in profeet; (S374)

  44. Mar it is ek memme fleurige jonkheid sa't hja meiinoar yn de moanneskyn de opfeart del ride (S376)

  45. Earst de ālderdom hat mei wat wiisheid oerwinne kinnen,
    En foar wat 'moai en suver' hjitte, hat hja de dingen fan de minske steld. (S377)

  46. En no sit ik hjir mei myn beide stokken nźst mij, yn de waarme strieling dy't de himmel jout,
    En de wyn, dy't fan de ierde is, bringt my it libben bewegen fan de beamtūken. (S378)

  47. Mar in earnstich āld man, dat is ommers om skou foar te wźzen. (S384)

  48. Der binne Fryske fersen wźrfan ik, eltse kear as ik se wer sjoch, sis: wat is dat moai! (S389)

  49. Mar ik sis: 'Kom do mar ris op mei in poėem fan dyn Masters dat my mear docht as dizze Fryske fersen.'
    En dan hat er neat mear te sizzen. (S389)

  50. - O, dy Keats dy't op in hikke springt om de 'floed fan it lān'te sjen as de wyn oer de raaien strykt! (S395)

Publisearre 17 juny 2008


Werom nei haadside