Logo

It wie in dei fan reinen (SF 25)

It wie in dei fan reinen
De loft egaal en skier;
En ticht hong op 'e ierde
It swurk fan wetter swier.

Wy sieten smūk en fredich
Op 't stalhout by-inoar
En tochten net oan boartsjen
En fleanen būtendoar.

It wienen moaie teltsjes
Dy't Auk ferhelje koe!
Dźr't folts mei nuv're gongen
Syn dream yn stāle woe.

De mūskeblom foar 't finster,
My tinkt ik rūk him noch,
En d' ālde teltsjes geane
My wer de holle troch.




As it sjongen nei ūngefear in heale minśt net śt himsels begjint, klik dan op hjir!

Publisearre 29 maart 2008


Werom nei haadside