Foardracht gedicht troch Obe PostmaYn 1952 ferskynde der yn Milaan in lytse blomlêzing mei Fryske gedichten yn Italiaanske fertaling. It wie Poeti Frisoni, samle troch Giacomo Prampolini, dy't sokke blomlêzingen ek fan oare talen makke hie. Der waard ek in lûdsopname fan de fersen makke. De noch libjende dichters droegen har eigen fersen foar. Fan Obe Postma waard it fers Ein (SF 223) opnommen en syn foardracht is hjir te hearren.Mei tank oan Tresoar, dat de oarspronklike opname hat. Klik hjir foar de foardracht fan it gedicht 'Ein' (SF 223) Publisearre 19 novimber 2007Werom nei haadside |