Logo

Foardracht gedichten troch Jo Smit

Der binne hiel wat komponisten dy't muzyk op lieten fan Postma makke hawwe en der is inkeld ek wolris ien dy't nei oanlieding fan in rigel in komposysje makke hat. Dêrneist binne der foardrachten fan gedichten, ek fan de dichter sels! It liket ús maklik foar de leafhawwers ta as se in kar dêrút by elkoar fine kinne op dit webstee. Wy  begjinne mei foardrachten fan Jo Smit mei pianobegelieding fan foar't neist Carel Brons. It giet neffens freonlike meidieling fan Willem Beetstra om in opname foar de RON om 1950 hinne. Dat soe dan betsjutte kinne dat er fan 1947 is, doe't Postma de Gysbert-Japicxpriis krige, of fan 1953, doe't er 85 waard en tige huldige. De opname is oerlevere as skellakplaatsje. Louis Steeman fûn him op in rommelmerk. Hy hat ús tastimming ta publikaasje jûn.

Der binne dizze seis gedichten (klik op de namme om te hearen):

Freonen (SF 222)
Ljochte dei (SF 286)
Fryske fjouwerrigels III (SF 241)
Sinneskyn (SF 197)
Yn maart (SF 216)
Kwatrinen IV (SF 299)

Publisearre 9 novimber 2007 oant 29 novimber 2007


Werom nei haadside