Obe Postma Selskip

SITE SLOGAN

  • Full Screen
  • Wide Screen
  • Narrow Screen
  • Increase font size
  • Default font size
  • Decrease font size
Home

Poëzijmiddei te Koarnwert

E-mail Printsje

 

Poëzijmiddei te Koarnwert
 
Datum: 12 maaie 2013 yn de tsjerke fan Koarnwert
 
Tiid: 14.00 -16.00 oere
 
Doel fan dizze bijienkomst: wij noegje de leden en eventuele oare belangstellenden út om ien of heechstens twa gedichten foar te lêzen dy’t har yn ’t bysûnder oansprekke. It is de bedoeling dat de meidoggers dêrbij yn it koart (foar of nei it foarlêzen) útlizze wat har no presys sa yn it hert rekke hat bij it keazen gedicht. De foarlêzers wurdt fersocht om har teksten nei ôfrin oan Geart van der Meer te oerlangjen. Dy stikjes wurde dan yn de earstfolgjende WJERKLANK en/of op it webstee publisearre. It giet hjir dus net om dreech wittenskiplike ferhalen, mar om wat bij jim rjocht út it hert komt bij it lêzen fan Postma. Sa hoopje wij in moai byld te krijen fan wat hjoed Obe Postma noch te weech bringt mei syn gedichten.
Der sille fierders dy middeis in pear op muzyk setten gedichten fan Postma mei pianobegelieding foar ús songen wurde.
 
 
Kosten: iderien betellet €7,50 troch dat bedrach oer te meitsjen op nr. 437443620 op namme fan it Obe Postma Selskip te Ljouwert. Jou dêrbij oan: Poëzijmiddei Koarnwert.
 
It bestjoer tidiget op aardich wat flecht op ’e koai. Der is fansels tee en kofje, en in stikje koeke sil der grif ek wol wêze.
 
 

 

Verslag Studiedag ‘Friese geschiedschrijving’

E-mail Printsje

Verslag Studiedag ‘Friese geschiedschrijving’
Op vrijdag 30 november 2012 vond in Tresoar onder auspiciën van het Obe Postma Selskip een studiedag plaats over Friese geschiedschrijving in de periode 1913 tot 1938. Die periode is door de initiatiefnemer (Philippus Breuker) gekozen vanwege het feit, dat in 1913 Postma zijn eerste historische studie verscheen, terwijl in 1938 de Fryske Akademy werd opgericht; Postma was daarbij actief betrokken. Afgezien van de sprekers namen ruim veertig geïnteresseerden deel aan deze in alle opzichten geslaagde studiedag. Zie ook het interview met Maarten Duijvendak, één van de sprekers, in de Leeuwarder Krant.


Meer foto's en diapresentatie met uitgebreide onderschriften van George Huitema: klik hier

Bewegend byld fan Postma ûntdutsen

E-mail Printsje

 By't Fries Filmarchief is dizze wike bewegend bild fan Obe Postmja út 1950 ûntdutsen. Yn 1950 wie Postma 82 jier.

Foto-impresje Reiske 2012

E-mail Printsje

 Nei Koarnwert !

Op sneon 12 maaie waard, ûnder de titel 'It Koarnwert fan Postma, it jierlikse OPS-reiske hâlden. Tineke Steenmeijer-Wielenga en Philippes Breuker wien ferantwurdlik foar de begelieding. Sij hiene yn nûmer 11 fan it tiidskrift 'Wjerklank'al, as tarieding fan it reiske belanrike oantekens opskreaun. George Huitema hat in moai foto-album (mei ûnderskriften) makke fan it reiske, dat hjir te sjen is. It konsert, dat yn it ramt fan it reiske, útfierd waard, is hjir te sjen.

   

 

Boekpresentaasje "Zekerheden in waarnemingen"

E-mail Printsje

Boekpresentaasje "Zekerheden in waarnemingen"

Op freed 27 april waard yn it stêdhûs te Frentsjer it boek "Zekerheden in waarnemingen, Natuurwetenschappelijke ontwikkelingen in Nederland rond 1900" oanbean. It boek is utjûn troch utjowerij Verloren te Hilversum (ISBN 978-90-8704-194-6). Foarôfgeand oan de presentaasje waarden wy rûnlied  yn it Eise Eisinga Planetarium troch de foarsitter fan it Obe Postma Selskip, George Huitema. Yn it stêdhûs waarden,  nei hertlik ûntfongen te wêzen troch de burgermaster Fred Feenstra,  twa interessante foardrachten hâlden, te witten troch Huib Zuidervaart en Cees Andriesse. Der wiene in protte minsken op ôf kommen; sa'n fiif en sechstig ! It wie in och sa noflike middei, lykas op de ûndersteande foto's dúdlik te sjen is. Mei dank oan George Huitema foar de bewerking fan de foto's.

  

Foar de folsleine samling foto's mei ûnderskrift klik hjir

 

Obe Postma Home